Frou bedarret mei de auto yn de boskjes op in rotonde by Houtigehage

16 jan 2020 - 19:57

Yn Houtigehage is tongersdeitejûn in auto tsjin de rotonde oan flein. Dat barde op de rotonde tusken de Folgerster Loane en De Skieding (N358). De frou kaam út de rjochting fan Surhústerfean wei en sy kaam yn botsing mei in oare auto. De bestjoerster stjoerde yn de boskjes fan de rotonde, de oare auto kaam op in oprit telâne.

Foto: De Vries Media

In ambulânse wie net nedich, want de bestjoerders kamen mei de skrik frij. Om de auto fuort te heljen hat de rotonde koarte tiid ôfsletten west.

(advertinsje)
(advertinsje)