Hoe is it no mei Arjen Loonstra nei de fulkaanútbarsting op de Filipinen?

Fries om utens Arjen Loonstra hat tongersdei werom west yn syn doarp en hûs op de Filipinen. De âld-Lemster wennet mei syn frou oan de foet fan de fulkaan Taal, dy't in pear dagen lyn útbarst is. Snein hawwe sy harren hûs ferlitten en dêrnei hawwe sy pear dagen net werom west. Hoe fynt hy syn hûs no werom?
Sa sjocht it der op in soad plakken út yn syn doarp © Arjen Loonstra
Tûzenen minsken binne evakuearre nei it útbarsten. Loonstra siet mei syn frou yn in hotel. Earder fertelde Loonstra oan Omrop Fryslân dat hy benaud wie fan wat hy oantreffe soe as er wer thús wie:
"Wy meie fan gelok sprekke dat ús hûs net rekke is troch dy grutte skuor yn de grûn," seit Loonstra no. "Foar ús oer stiet in tsjerke dy't dêrtroch rekke is. Flak by ús steane beammen dy't trochmidden brutsen binne. Dêr hawwe wy neat fan op ús hûs krigen. Dat is in gelok foar ús, mar by oare minsken is it net sa goed ôfrûn."

10 sintimeter jiske yn de hal

Arjen Loonstra leit út hoe't sy harren taret hiene. "Wy hiene de ramen allegearre goed ticht en de doarren goed op slot dien. It wie net goed mooglik dat der ien ynbrekke soe. It grutste risiko wie dat it dak nei ûnderen kaam wie. Dy jiske is tige swier. Dat wie net it gefal. Under lei wol wat jiske yn ús hal, in lytse 10 sintimeter."
Dochs is hy bliid dat is noch reedlik goed ôfrûn is. "Wy hawwe minsken sprutsen dy't it net sa troffen hawwe. Wy krigen ek al berjochten dat famyljeleden fan freonen fan ús neat mear hawwe. Ek net genôch wetter en iten. Wy hawwe al frege oft wy wat dwaan koene, want it binne ús freonen. Je moatte sjen wat je foar in oar dwaan kinne."

Soad stipe út Fryslân

Loonstra: "Wy hawwe hast alles meinimme kinnen. Us kuolkast, ús matras, bêd, klean, keukenguod. En wy krije in soad stipe út Fryslân. In soad leave freonen en famylje stypje ús ek finansjeel op it stuit. Dêr binne wy tige wiis mei, want fan hjir út krije je neat. As ynwenner wurde je net holpen, je binne op inoar oanwiisd. Dat is gewoan sa."

En no?

En hoe moat it no fierder? "Wy hawwe no in tydlik appartemint fûn. It is net grut, mar ek net djoer en it wie de rapste oplossing. De foarkar is om wer nei Fryslân ta te gean, mar wy moatte wol sjen hoe en wat."
Lemster om utens Arjen Loonstra, yn de Filipinen