Brêge Dronryp in wike ticht foar auto's om tikjend lûd te ferhelpen

De nije provinsjale brêge by Dronryp oer it Van Harinxmakanaal is tusken moandei 17 febrewaris en snein 23 febrewaris sletten foar autoferkear. De brêge krijt nije assen oan de doarpskant, om it tikjende lûd by it iepen en tichtgean fan de brêge te ferhelpen.
De brêge yn Dronryp © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Fytsers, fuotgongers, scooters en brommers kinne der wol oerhinne. Foar de skipfeart is er yn dizze perioade ek gjin betsjinning. Lytse skippen kinne wol gewoan ûnder de brêge by Dronryp troch farre.
Ein juny ferline jier waard de nije provinsjale brêge oer it Van Harinxmakanaal yn gebrûk nommen.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets