Falsk jild yn 'e omgong yn Ljouwert

Yn ferskate hoarekasaken en winkels yn de Ljouwerter binnenstêd hawwe ûnbekenden resintlik besocht mei falske biljetten fan 50 euro te beteljen. De plysje docht ûndersyk nei de oarsprong fan it jild. Neffens plysje Ljouwert binne der ek falske biljetten ûntdutsen by winkels, hoareka en mielbesoargers.
© Pikrepo
De plysje advisearret ûndernimmers om spesjale deteksjepinnen te brûken om de echtheid fan de biljetten te kontrolearjen. Minsken dy't falske biljetten oantreffe, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.