"Lûdsmjitnet fleanbasis soarget foar bettere diskusje oer oerlêst"

16 jan 2020 - 17:07

It lûdsmjitnet om de fleanbasis is in goed middel om sjen te litten hoe't der flein wurdt en hoe grut oft de oerlêst is fan de fleantugen. It makket de diskusje oer belesting better te begripen. Dat seit skiedend kommandant Arnoud Stallmann. Hy moat earder as ferwachte ôfskied nimme. Stallmann kriget in hege funksje op it ministearje yn Den Haag.

De ôfrûne tiid hat Stallmann him bot ynset om de kommunikaasje mei de omwenners te ferbetterjen.

Doe't Stallmann yn 2017 it kommando oerdroegen krige, lei de kommunikaasje mei de omwenners sa goed as stil. "We hadden daarin een grote achterstand. Ik denk wel dat we de afgelopen jaren de relatie met omwonenden hersteld hebben en dat er ook weer meer vertrouwen is. De geluidsdruk gaan we alleen niet wegnemen. Maar we leggen wel beter uit wat we doen en waarom."

Lûdsmjitnet helpt by iepenheid

Ien fan de klachten fan omwenners wie dat de fleanbasis net transparant wie yn de kommunikaasje. Stallmann: "Ik denk dat we best transparant zijn. We zijn als vliegbasis toch eigenlijk een gewoon bedrijf in Leeuwarden, in Fryslân. Wij hechten ook aan een normale relatie met onze buren. Er zijn alleen wel zaken die geheim zijn, onze wapensystemen bijvoorbeeld. Dat gaat niet veranderen."

It lûdsmjitnet dat sûnt de matiid aktyf is helpt dêr ek by. Benammen om better sjen te litten wat der eins bart, seit Stallmann. "We kunnen nu discussiëren over feiten en niet alleen over een gevoel. En als we zien dat er ergens een probleem is kunnen we het gesprek aangaan en kijken of we wat kunnen betekenen."

Skiedent kommandant Arnoud Stallmann - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Tekoart oan fleaners en loftferkearslieders

Stallmann makket him soargen oer it personielstekoart by Definsje. Hieltyd mear fleaners mei in soad ûnderfining stappe oer nei de boargerloftfeart. Dêr kinne sy folle mear fertsjinje. Itselde bart no ek by de loftferkearslieders. Ek dêr binne te min minsken. Dat hat konsekwinsjes foar de fleanbasis Ljouwert. "We kunnen niet altijd zoveel vliegen als we willen. Het blijft tot nu toe bij incidenten maar ik hoop echt dat we dit kunnen omdraaien", seit Stallmann.

Fuort mei pine yn it hert

De kommandant giet no nei goed twa jier mei pine yn it hert fuort. Hy hie graach langer bleaun om de transysje nei de nije wapensystemen mei te meitsjen. It giet dan om de F-35 en it ûnbemanne tastel de MQ-9 Reaper. Hy kriget in plak by it ministearje fan Definsje. Hy stjoert alle militêren oan dy't op misje binne yn it bûtenlân.

Stallmann falt mei syn noas yn de bûter: "Ja, ik zat er net en de spanning tussen de VS en Iran loopt op. En we hebben in Irak overal militairen. Er is daar altijd wel wat te doen." Stallmann jout freed it kommando oer oan syn opfolger Henk Doorten.

Skiedend kommandant Arnoud Stallmann

(advertinsje)
(advertinsje)