Plomfeesektor wol ophokplicht om fûgelgryp

16 jan 2020 - 16:51

Plomfeeorganisaasjes fine dat der sa gau as mooglik in ophokplicht komme moat. Dat skreaune se tongersdei yn in brief oan lânbouminister Carola Schouten. Se binne benaud dat de fûgelgryp nei Nederlân komt.

Hinnen - Foto: Shutterstock.com

It fûgelgrypfirus dûkte earder al op yn ferskate East-Europeeske lannen. "De saak is yn Nederlân noch net slim, mar yn Poalen, Tsjechje, Slowakije en Roemenië binne in soad bedriuwen, dy't fier út elkoar lizze, dy't besmet binne mei fûgelgryp. Dat is hiel soarchlik", leit Piet Faber fan LTO Noord út. Hy is sels ek plomfeehâlder.

Net allinnich buorkerijbisten binne siik, ek wylde fûgels hawwe it firus. "As dy fûgels hjirhinne komme, wurdt it hiel gefaarlik." Ek kin it firus meireizgje mei frachtweinen út dy regio.

Ferslachjouwer Jantine Stoffers praat mei plomfeehâlder Piet Faber

Yn de brief skriuwe de organisaasjes dat se harren soargen meitsje oer de situaasje yn East- en Midden-Europa en dat se wolle dat de hinnen dy't no bûten rinne nei binnen ta gean.

Feterinêre needsaak

De boeren meie de hinnen net sels net binnen sette, om't guon skarrelaaien produsearje. Dêr is feterinêre needsaak foar nedich en dy needsaak moat fêststeld wurde troch it ministearje. "De oerheid hat in kommisje fan saakkundigen en wy hawwe frege harren hjirnei sjen te litten en in beslút te nimmen."

En hokker foarsoarchsmaatregel kinne boeren nimme? "Gjin rommel fan bûten it hiem nei binnen ta helje", seit Faber. "Dus fan skuon wikselje, ûnder de brûs foardatst nei de stâl giest en oare klean oan. En as je dan weromkomme itselde ferhaal noch in kear."

(advertinsje)
(advertinsje)