In riedsel yn De Langelille: tsien autobannen lek yn ien wike tiid

16 jan 2020 - 16:48

By garaazje Hoekstra yn De Langelille binne se drok mei lekke autobannen. Yn it doarp yn Weststellingwerf krigen yn ien wike tiid leafst tsien auto's in lekke bân. Dat is neffens garaazjehâlder Wieger Hoekstra in opmerklik soad, want oars sjocht hy mar ien kear yn 'e trije moanne in lekke bân.

Spikergatten

Hoekstra kontrolearret op dit stuit eltse auto dy't er binnenkrijt op spikergatsjes. Yn ferskate lekke bannen fûn de garaazjehâlder in skroefke. Hy giet der net fan út dat it om fandalisme giet. "Je witte net wat der ûnderweis bart. Miskien hat der in buske mei boufakkers in bak mei spikers en skroefkes ferlern?"

Oan it ûnderhâld fan de Kerkeweg kin it net lizze. It asfalt leit strak op 'e dyk. Ungeregeldheden yn de foarm fan spikers of skroefkes lizze der net, ek al wurdt der op in pear plakken oan de lange wei boud.

Garaazje Hoekstra yn De Langelille - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

En ek al betsjut in lekke bân wurk, by garaazje Hoekstra binne se der sa njonkenlytsen wol wat flau fan. "As je yn De Langelille wenje, binne je ôfhinklik fan in auto. In lekke bân komt dan altyd ûngelegen en moat gau tuskentroch."

Garaazjehâlder Wieger Hoekstra

Autobannen wurde op spikergatsjes kontrolearre - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena
(advertinsje)
(advertinsje)