Friesland College koe wol wat 'influencer' brûke: Bram Krikke op besite

16 jan 2020 - 16:43

De ferneamde YouTuber en radio-dj Bram Krikke wie tongersdei te gast by it Friesland College op It Hearrenfean en yn Ljouwert. De populêre 'influencer' presintearre in foarum oer de kwaliteit fan it ûnderwiis.

Hûnderten learlingen wiene oanwêzich om Bram Krikke live oan it wurk te sjen. De bekende influencer stiet der om bekend dat hy stevich ynterviewe kin. Hy siket dêrby geregeld de râne op.

Skoalle wol witte wat de learlingen fine

Krikke wie op útnûging fan de skoalle nei Ljouwert helle om derfoar te soargjen dat safolle mooglik learlingen de JOB monitor ynfolje. De JOB monitor is in ûndersyk nei it oardiel fan de mbo-studinten oer de oplieding. It Friesland College wol graach witte wat har learlingen fine fan de kwaliteit fan de lessen, de begelieding fan de dosinten en de sfear op de skoalle. Om derfoar te soargjen dat safolle mooglik learlingen harren miening jouwe, waard in foarum organisearre.

(advertinsje)
(advertinsje)