De Gordyk krijt it hinne-en-wer: twarjochtingsferkear troch it doarp?

16 jan 2020 - 16:49

Op 'e Gordyk komt in pilot mei twarjochtingsferkear troch de Haadstrjitte. Dat is al langer de winsk fan de winkellju yn it doarp, dy't hoopje sa mear klanten te lûken. It Fytsersbûn sjocht it lykwols as achterútgong en is net al te wiis mei de proef.

Leefberens

Kees Mourits fan it Fytsersbûn sjocht leaver dat de auto's fuortbliuwe út de Haadstrijtte. "Dat zou de leefbaarheid van het dorp niet ten goede komen." Dat de winkels yn it doarp it dreech hawwe, hat neffens him neat te krijen mei de berikberens. "Het is een algemene tendens dat offline winkels het moeilijk hebben."

Anton de Bruin fan winkeliersferiening WHI fynt wol dat de auto's beide kanten op ride meie. "Uteinlik is it foar it autoferkear logysker. No kinne je fan de oare kant ôf der net yn ride en as je dan nei de kant fan it wetter wolle wêr't de winkels binne, dan moatte je echt it paad sykje. Wy tinke dat de dyk breed genôch is dat it kin."

Kees Mourits fan it Fytsersbûn en in ynwenner fan De Gordyk oer de ferkearssituaasje

Foto: Omrop Fryslân

Mear klanten

De winkellju tinke mear klanten te lûken mei in twarjochtingsdyk. It Fytsersbûn fynt it net terjochte dat de oarsaak dêrfan leit wurdt by de fraach oft it gebiet tagonkik is foar auto's. "Het heeft onder andere iets te maken met hoe je een centrum aantrekkelijk maakt voor bezoekers, met bijvoorbeeld een fiets- en wandelgebied."

In doarpsbewenner is it dêrmei iens. "Het kan hier overdag heel druk zijn. In het verleden is besloten om tweerichtingsverkeer juist te veranderen in eenrichtingsverkeer, juist vanwege alle nadelen, zoals opstoppingen, stank, lawaai, onveiligheidsgevoel voor jonge en oudere fietsers." De Haadstrjite waard doe smeller makke en de stoep breder makke. "Ik denk dat er toen een aardig evenwicht is bereikt voor alle verkeersdeelnemers."

Foto: Omrop Fryslân

Auto tichtby

Oan de oare kant fan de Haadstrjitte, op lytse ôfstân fan de winkels, is in grut parkearplak. Besikers soene fan dêr ôf nei de winkels rinne kinne. "Dat kin, mar sa no en dan hawwe je mear spullen nedich en dan soe it handich wêze om de auto tichtby te hawwen," seit De Bruin fan de winkelljuferiening. De Bruin wol net perfoarst ynsette op it lûken fan mear klanten, mar op mear kontaktmominten mei besteande klanten. "Dêrom kinne je net stilstean bliuwe. Ik tink dat it úteinlik wol tafalt en dat it ferkear syn wei wol fynt."

De pilot mei twarjochtingsferkear op de Haadstrjitte sil nei alle gedachten dit jier útfierd wurde.

Anton de Bruin fan winkelljuferiening WHI

(advertinsje)
(advertinsje)