Swimfun op 'e Jouwer lûkt rekôroantal besikers yn 2019

16 jan 2020 - 15:59

Swimbad Swimfun op De Jouwer hat ferline jier in rekôroantal besikers lutsen. Der kamen goed 240.000 minsken nei it swimbad, tritich persint mear as it jier derfoar.

De yngong fan Swimfun. - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Foaral yn de daloeren, bûten de fakânsjes en op 'e jûntiid troch de wike is it drokker, seit it swimbad. It binne ûnder oare de wyldwetterbaan en de ynteraktive glydbaan dêr't de minsken op ôf komme. De besikers komme net allinnich út Fryslân, mar ek út Grinslân, de kop fan Noard-Hollân en Flevolân.

Yn maaie ferwolkomme it swimbad de tsienmiljoenste besiker.

(advertinsje)
(advertinsje)