Westereender (20) twa wiken lang fêst nei útlevering troch Denemarken

16 jan 2020 - 15:54

De 20-jierrige man út De Westereen, dy't útlevere waard troch Denemarken, bliuwt twa wiken lang fêst sitten. Dat hat de rjochter-kommissaris tongersdei besletten. De man waard earder al arrestearre troch de plysje yn Denemarken op basis fan in Europeesk oanhâldingsbefel.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De plysje oer hoe't de man oanhâlden is

De man wurdt fertochte fan oplichting en it telefoanysk bedriigjen fan boargers, bedriuwen en ynstânsjes. Hy die ek tûzenen falske meldingen oan ûnder oare de plysje, de brânwacht, sikehuzen en in ferloskundepraktyk. Hy hat besocht in sikehûs ôf te setten foar in kwart miljoen euro.

"De man werd aangehouden op verzoek van Nederland. Er was een Europees aanhoudingsbevel afgegeven, omdat we niet wisten waar hij verbleef", fertelt de plysjewurdfierder. "Hij was ervan op de hoogte dat er een strafrechtelijk onderzoek naar hem liep. Dus hij hield zich wel schuil. Hij verbleef ook in andere Europese landen."

Oer hoe't de man yn Denemarken oanhâlden is, hat de Nederlânske plysje noch gjin ynformaasje. "Het onderzoek gaat door en we hebben nog veel vragen voor de verdachte."

(advertinsje)
(advertinsje)