Holwert oan See hat mei regiodeal hast twa tredde finansiering rûn

16 jan 2020 - 15:44

It projekt Holwert oan See hat hast twa tredde part fan de nedige 63 miljoen euro binnen. Mei de resinte ferdieling fan de regiodeal fan 7 miljoen euro fan it Ryk, hat de stichting no 37 miljoen tasein krigen fan de ferskate ynstânsjes. Dat betsjut dat der noch sa'n 26 miljoen euro nedich is om de folsleine begrutting dekke te kinnen.

Foto: Holwert oan See

Fan it jild dat tasein is, komt goed 15 miljoen euro fan de Postcode Loterij. De provinsje Fryslân hat 10 miljoen euro beskikber steld, en de gemeente 5 miljoen. Mei de regiodeal fan it Ryk foar Noardeast-Fryslân komt it totaal op 37 miljoen euro foar de realisaasje fan Holwert oan See.

Noch oare petearen

De stichting is op dit stuit noch yn petear mei it Waadfûns, en mei it Ryk foar ekstra finansiering, sa lit Marco Verbeek fan Holwert oan See witte. "Mar dat kin noch wol efkes duorje en dat is net slim. Wy hawwe in goeie basis wêrmei't wy no los kinne en wy hawwe goeie hope dat de rest fan de finansiering folgje sil."

De stichting hat koartlyn in fakatuere de doar út dien foar in projektlieder. Dy wurdt ynkoarten beneamd en moat it projekt Holwert oan See fierder útwurkje.

"It sjit wol aardich op", seit deputearre Sietske Poepjes oer de regiodeal:

(advertinsje)
(advertinsje)