Skylger keunstner makket lûdskeunstwurk foar Panorama Mesdag

16 jan 2020 - 15:41

Muzykkeunstner Tristan Visser fan Skylge hat spesjaal foar museum Panorama Mesdag in 'soundscape' makke. In soundscape is in komposysje fan omjouwingslûd. It muzykkeunstwurk is ynspirearre op Louis Apol syn panorama fan Nova Zembla.

Foto: Esther Kokmeijer

Apol reizge yn 1880 nei Nova Zembla en makke yn dy tiid ferskate skilderijen. In rekonstruksje fan syn panoramaskilderij, dat jierren lyn ferlern gien is, is ûnderdiel fan de tentoanstelling Louis Apol op Nova Zembla. Tristan Visser komponearre de muzyk by de tentoanstelling.

Syn keunstwurk hjit fan Nova Zembla. Het geluid van de ijswalvis. Yn de soundscape is it lûd fan kreakjend iis, sjongende walfisken, gitaarmuzyk en it lawaai fan de hjoeddeiske yndustry te hearren.

Lûdsfersmoarging

Panorama Mesdag wol jonge makkers lykas Visser in poadium jaan om har boadskip te fertellen oan in grutter publyk. Visser hâldt him dwaande mei de fraach oft de lûden dy't wy as minsken de see yn stjoere effekt hawwe op it seelibben. Hy wol mei syn muzyk omtinken freegje foar lûdsfersmoarging op see.

De tentoanstelling is fan 24 jannewaris oant en mei 22 maart te sjen yn it museum.

Muzykkeunstner Tristan Visser fan Skylge

(advertinsje)
(advertinsje)