Amelân hellet nije boargemaster Leo Pieter Stoel binnen mei KNRM-boat

Gemeente Amelân hat in nije boargemaster: Leo Pieter Stoel (1962). Kommissaris fan de Kening Arno Brok hat him beëdige en ynstallearre. Stoel hat dêrnei de amtskeatling krigen fan loko-boargemaster Theo Faber. De nije boargemaster fear mei syn frou, soan en skoandochter yn in KNRM-boat nei it eilân ta.
De nije boargemaster Leo Pieter Stoel © Gemeente Ameland
Op de feardaam helle Brok mei in fertsjintwurdiging fan it kolleezje en de gemeenteried Stoel binnen. De beëdiging wie op in bysûndere riedsgearkomste fan gemeente Amelân, dy't holden is op de Boargemaster Walda Skoalle oan de Ballumerwei yn Nes. In soad Amelanners, famylje, freonen en oare gasten wiene oanwêzich.
De nije boargemaster hat earder wethâlder west yn de gemeente Súdwest-Fryslân en oant ferline jier wie hy foar de VVD lid fan Provinsjale Steaten.