Cambuur hâldt de moed deryn: "In tsjinslach kin ek moai útwurkje"

Nei it ferlies fan ôfrûne freed yn de thúswedstriid tsjin Volendam, moat Cambuur it freed yn Oss opnimme tsjin TOP Oss. Fansels bale de Ljouwerters fan it ferlies tsjin Volendam, mar trainer Henk de Jong hâldt de moed deryn. "We moatte de tried wer oppakke. We moatte doare te fuotbaljen, lykas oars."
Henk de Jong oer de útwedstriid tsjin TOP Oss:
Henk de Jong
Want as Cambuur net doart te fuotbaljen, brûke se har eigen krêft net. "En we moatte de wille yn it spultsje hâlde", seit De Jong.

"Tsjinslach kin ek moai útwurkje"

Cambuur is noch hieltyd koprinner en dat moat posityf oppakt wurde, neffens de trainer. "Wy stean boppe-oan. Dat hawwe wy mei in soad wille en goed fuotbal berikt. We moatte genietsje fan eltse wedstriid. It sukses moat net as in juk wurkje. In tsjinslach kin ek moai útwurkje."
Henk de Jong kin tsjin TOP Oss op twa basisspilers gjin berop dwaan: Issa Kallon rekke yn de wedstriid tsjin Volendam blessearre oan de hamstring. Hy sil twa oant fjouwer wike net spylje kinne. Robin Maulun rekke dizze wike op de training blessearre oan it ankel. It liket wat ta te fallen, mar de Frânsman kin freed net spylje.

Paulissen en Oratmangoen basis

Mitchel Paulissen en Ragnar Oratmangoen binne de ferfangers. Oratmangoen spilet op it plak fan Maulun. Henk de Jong dêroer: "Hy is eins in nûmer tsien. Hy bringt oanfallend in protte. Boppedat: Mitchel Paulissen spilet it leafst oan de sydkant."
Oratmangoen is bliid mei in basisplak. Hy seach it oankommen: "Toen Issa uitviel, zag ik al dat mijn kans op spelen groot werd. En daarna viel Maulun ook nog weg. Ik ben in principe inderdaad een nummer tien, dus ik wil graag vanuit het middenveld voetballen."
Ragnar Oratmangoen oer syn basisplak:
Ragnar Oratmangoen
Oratmangoen ferlear yn de rin fan it seizoen syn basisplak, mar bleau altyd posityf, seit er. "Ja, ik ben altijd positief gebleven en ben goed blijven trainen. Daarnaast heb ik ook steeds extra dingen gedaan. Het is mooi dat ik nu weer in de basis mag beginnen."

Spylwize TOP Oss is noch de fraach

Foar de technyske stêf is it noch net dúdlik hoe't TOP Oss spylje sil. Tsjin Jong AZ ôfrûne wike spilen de Brabanners hiel oanfallend. Henk de Jong: "Wy moatte it ûnferwachte ferwachtsje. Sy kinne ynsakje of heech druk jaan. Se dogge beide. Wy kinne it pas goed sjen as de wedstriid begûn is."

Fermoedlike opstelling

Stevens; Schmidt, Schouten, Mac-Intosch, Sambissa; Hoedemakers, Jacobs, Oratmangoen; Antonia, Mühren, Paulissen.
De wedstriid tusken TOP Oss en SC Cambuur is freedtejûn live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. De wedstriid set om 20.00 oere útein. Ferslachjouwer Geert van Tuinen fersoarget it kommentaar.