Dochsto ek mei oan it WK maatskutjassen?

Hasto wol ris heard fan it kaartspultsje skutjassen? Yn Wergea halde se der sels in wrâldkampioenskip foar. It spultsje wurdt allinnich noch spile yn Fryslân, Grinslân en Drinte. Folgjende wike sneon komme de kaarters by elkoar foar it wrâldkampioenskip yn Wergea.
© Pixabay
Wat it spultsje neffens foarsitter Gerard de Wolff fan de skutjasferiening fan Wergea sa moai makket, is dat it in selskipsspultsje is. "Do joust dy mei dyn maat op en dan bliuwst altyd by elkoar. Der binne minsken dy spylje al 40 jier mei elkoar. Myn maat en ik binne no 20 jier by elkoar. Wy kaarte altyd noch foar in priis, mar dat is noch net slagge." It kaarten bart yn de fuotbalkantine.
It spultsje wurdt ek yn Utrecht noch spile, mar it measte dochs wol yn Noard-Nederlân. "Us kandidaten binne tusken de 25 en 90 jier. Jûns sette se de telefyzje út en geane se mei de bern te kaarten. Ik tink dat dat de wize is om it spultsje yn libben te hâlden."

Skaal mei karbonades

De 14e edysje fan it WK maatskutjassen is sneon 25 jannewaris om 14.00 oere yn de fuotbalkantine yn Wergea. "Winners krije de kaartkrâns en in grutte skaal mei karbonades", fertelt De Wolff.
Liket it dy wol wat om mei te dwaan? Kinst dy noch oant en mei 19 jannewaris opjaan by de feriening.
Gerard de Wolff fan skutjasferiening VV Warga