Timo de Grefte nije bestjoerder fan GGZ Friesland

16 jan 2020 - 14:01

Timo de Grefte (1962) is fan 1 april 2020 ôf de nije bestjoerder fan GGZ Friesland. Hy folget Adriaan Jansen op binnen de Rie fan Bestjoer. Jansen giet nei goed sân jier mei pensjoen.

Foto: GGZ Fryslân

De Grefte is gjin ûnbekende yn de wrâld fan de geastlike sûnenssoarch. Hy wie fan 2006 ôf njoggen jier foarsitter fan de Rie fan Bestjoer fan GGNet, in ggz-organisaasje yn Gelderlân. Syn hjoeddeistige wurkjouwer is Pon Holdings, in bedriuw yn hannel en mobiliteit.

"Maar mijn hart ligt bij de ggz", seit De Grefte. "Het is een mooie sector om in te werken. De bevlogenheid van medewerkers die vaak onder moeilijke omstandigheden hun werk moeten doen, de rol die de ggz dagelijks speelt in de samenleving om de kwetsbare mens een zo volwaardig mogelijke rol te geven en te laten spelen. Dat zijn zaken waar mijn hart sneller van gaat kloppen en daar zet ik mij graag voor in."

(advertinsje)
(advertinsje)