Epke jaget op olympysk ticket: "De druk is enoarm, mar soms is dat nofliker"

16 jan 2020 - 13:54

Turner Epke Zonderland hat noch trije kânsen om him te kwalifisearjen foar de Olympyske Spelen. Hy moat op syn minst ien fan de noch trije wrâldbekerwedstriden winne om yn de race te bliuwen foar in ticket foar Tokio 2020.

De NOS socht de turner op:

Maklik wurdt it net om him te pleatsen, want Zonderland kwakkelet al in skoft mei syn sûnens. In groanyske ûntstekking oan syn byholten is de kweadogger. Ofrûne jier liet er him deroan operearje.

"It wer better wurden foel wat ôf", fertelt de Lemster. "Ik ha nei dy operaasje in moanne net oan de rekstôk hong; fan heal novimber oant heal desimber ha ik de krêfttraining in bytsje ûnderholden. Ferline wike ha ik noch in wike de gryp hân en moast ik wer rêst nimme. Ik bin noch net sa lang wer dwaande, mar ik fernim dat ik no wer stappen meitsje kin."

Foto: www.orange-pictures.nl

Om as turner Tokio te heljen, is in drege rûte. By de wrâldkampioenskippen ôfrûne oktober hie Zonderland him yndividueel of mei de nasjonale ploech pleatse kinnen, mar dat slagge net.

No is it wrâldbekersirkwy noch in mooglikheid, want de winner fan it einklassemint op de rekstôk pleatst him ek foar de Olympyske Spelen. Winst yn trije fan de acht wrâldbekerwedstriden moat genôch wêze foar de einoerwinning (want allinnich de bêste trije resultaten telle), mar it soe samar kinne dat twa turners trije kear winne.

Zonderland stiet op it stuit op twa oerwinningen, de Japanner Hidetaka Miyachi hat al trije kear wûn. Fan de lêste wedstriden moat Zonderland dus op syn minst ien sjen te winnen. En dan wurde de skoares fan de trije oerwinningen by elkoar opteld: de turner mei de heechste skoare krijt in olympysk ticket.

De Fries wit hoe wichtich oft de kommende wedstriden wurde. "Bist net allinnich dwaande mei it winnen fan noch ien wedstriid, it moat in hiel, hiel dikke oefening wurde. De druk is enoarm. Mar soms is dat nofliker, ast út in drege posysje komst, lykas no. Ast in toptarieding hân hast, dan is de druk grutter. Miskien is dat myn foardieltsje op it stuit."

Epke Zonderland oer de striid mei Miyachi:

Noch trije wrâldbekers

Datum Lokaasje
20-23 febrewaris Melbourne (Australië)
12-15 maart Bakoe (Azerbeidzjan)
18-21 maart Doha (Katar)

Oer goed in moanne turnet Zonderland yn Melbourne de earste fan de noch trije wrâldbekers. Dizze wike sil er al nei Australië ta. "We ha earst in trainingskamp fan fjouwer wiken. Gelokkich is dat yn in gebiet dêr't se wat minder lêst ha fan de reeklucht, skynt. Ik hoopje dat de lucht in bytsje fris is, dat kin ik wol brûke", laket er.

"Want de hjerst dy't we no al in pear moannen ha, is net goed foar myn fitheid. Ik ha al faker fernaam dat ik rapper wer fit wurd by sinne en drûge lucht. It klimaat helpt my tink ik wol, as it de goede kant op waait."

Epke mei syn gouden medalje yn Londen - Foto: www.orange-pictures.nl

Yn 2008 die Zonderland yn Peking foar it earst mei oan de Olympyske Spelen. Fjouwer jier letter, yn Londen, wûn er olympysk goud. Yn 2016 foel er yn de finale yn Rio de Janeiro fan de rekstôk, krekt as yn Peking.

Zonderland is trije kear (2013, 2014, 2017) wrâldkampioen wurden. Fjouwer kear waard er útroppen ta Sportman fan it Jier, dêrmei is er dield rekôrhâlder.

(advertinsje)
(advertinsje)