Natuerwerstel It Sân leit op streek: goed foar greidefûgels, wetterplanten en fisken

16 jan 2020 - 13:27

Tusken Koudum en De Fluezen hat in grutte yngreep yn de natuer west om sawol tige seldsume sompenatuer werom te krijen as greidefûgels te helpen. Mei troch in daam tusken de mar It Sân en de rest fan it boezemwetter te meitsjen, is it slagge it wetterpeil behoarlik te ferleegjen.

In part fan it reid oan de râne fan It Sân wurdt ferparte oer nij makke ûndjipten. Dêrtroch ûntstiet in foarm fan reid dy't wichtich is foar soarten dy't sompe nedich ha om yn te libjen. De fiif jier duorjende peilferleging helpt dêrby ek mei.

Reid is út de wâl wei nei de mar ta ferpleatst - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Foardat it grutte gemaal by Starum der wie, wie der noch ferskil tusken winter- en simmerpeil. Dat soarge derfoar dat it reid him ferjonge en dat smiet in oergong fan drûch lân nei de marren op, dêr't bygelyks djerreblommen it goed dienen, de rottekop ('Noordse woelmuis') bestean koe en de reiddomp him thús fielde. Omdat dat peilferskil der net mear is, is dizze foarm fan sompenatuer tige seldsum wurden by de Fryske marren.

Goed foar de fisken

Trochdat it peil no jierren lang keunstmjittich leger hâlden wurdt, kin it deiljocht better by de boaiem komme. Dat moat mear wetterplanten opsmite en dat is wer goed foar fisken dy't fan helder wetter hâlde.

It útsicht oer de polder De Samenvoeging nei de mar It Sân - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Mar der is ek wurk ferset yn en by polder de Samenvoeging, tusken Koudum en It Sân. Der is in grutte plas-dras makke foar greidefûgels. En der is foar soarge dat fisken út de boezem wei op plakken komme kinne dêr't se aaikes ôfsette kinne.

Dy plakken binne dêrtroch dan ek wer nijsgjirrich foar guon fûgelsoarten. De wetterhúshâlding is yn alle gefallen ferbettere. By rekreaasjebedriuw De Kuilart is boppedat in útsichtpunt makke.

As ûnderdiel fan it projekt is der ek nij útsichtpunt makke by De Kuilart - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Ien en oar is gebeurd troch in gearwurking fan lokale boeren mei Staatsbosbeheer en It Fryske Gea yn opdracht fan de provinsje. Dêrtroch koe it hiele gebiet yn ien provinsjaal projekt dien wurde. It is no oan de natuer om gebrûk te meitsjen fan de geunstige betingsten dy't der no makke binne. Dat wol net sizze dat al it wurk dien is en der gjin winsken mear binne.

Der rint no noch in djippe tochtsleat troch de polder nei in gemaal ta, wêrby't it wetter fan leech nei heech mealle wurdt. Dat soarget derfoar dat kwelwetter fan de Koudumer kant net yn de polder komme kin. Dat is spitich, want de mineralen yn dat wetter smite spesjale planten en krûden op dy't ûnder oare wichtich binne foar flinters en oare ynsekten. Troch it gemaal te ferpleatsen en de sleat ûndjipper te meitsjen, soe soks mooglik makke wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)