Bestjoerders en mbû-studinten yn petear oer frijheid

16 jan 2020 - 12:13

Mbû-studinten yn Ljouwert kinne fan begjin febrewaris ôf besite ferwachtsje fan boargemasters en ministers. Dy wolle mei har prate oer wat frijheid foar har betsjut. It is allegear yn it ramt fan de fiering fan 75 jier befrijing.

Foto: Friesland College

It Nationaal Gesprek over Vrijheid is in inisjatyf fan it Amsterdamske debatsintrum De Balie, Nationaal Comité 4 en 5 mei en fonds en wurdt ek útfierd troch de mbû-ried.

Ek op oare mbû-skoallen yn Nederlân binne sokke petearen. De bedoeling fan de praatsesjes is om in brêge te slaan tusken de bestjoerders en de studinten.

Trefwurden: 
mbû 75 jier befrijing
(advertinsje)
(advertinsje)