UWV: wurkleazens yn Fryslân yn desimber licht omheech gien

16 jan 2020 - 11:51

It tal minsken mei in útkearing yn Fryslân is yn desimber reedlik stabyl bleaun. Dat seit útkearingsynstânsje UWV. It oantal útkearings naam, yn ferliking mei de moanne dêrfoar, ta mei 50.

Foto: ANP

Ein desimber telde Fryslân 9.175 WW-útkearings, 2,7 persint fan de Fryske beropsbefolking. Op de lange termyn is der just in ôfname. It oantal útkearings is yn Fryslân 13,4 persint leger as in jier lyn.

Lanlik sjoen wiene der yn desimber goed 220.000 útkearings, 2,4 persint fan de beropsbefolking.

De trije noardlike provinsjes lieten in wikseljend byld sjen. Yn Grinslân naam it oantal ôf, wylst dat yn Fryslân en Drinte yn bytsje omleech gie. Yn ferliking mei foarich jier wie der oeral yn it Noarden in ôfname te sjen.

Trefwurden: 
UWV útkearing wurkleazens
(advertinsje)
(advertinsje)