Dataferkear MCL leit noch hieltyd stil, wierskynlik gjin gegevens bútmakke

16 jan 2020 - 09:53

It MCL yn Ljouwert hat noch hieltyd lêst fan de cyberoanfal op de digitale systemen fan it sikehûs. It dataferkear nei de bûtenwrâld leit noch stil. Dat betsjut dat pasjinten thús net by harren elektroanysk pasjintedossier kinne en dat ek it dataferkear nei oare sikehuzen ûnderbrutsen is.

Sa't it no liket, hawwe de ferantwurdliken foar de cyberoanfal gjin gegevens bútmakke, neffens in wurdfierder. It MCL wurket foar de kommunikaasje nei de bûtenwrâld mei saneamde Citrix-servers. Dizze oanfal hat him nei alle gedachten op dat systeem rjochte.

Wurdfierder Frits Mostert fan it MCL

Sikehûs MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In team fan eksperts fan it MCL en fan bûtenôf wurket op dit stuit oan it ûndersyk en oan it systeem. It sikehûs hopet dat it dataferkear oan de ein fan de dei wer wersteld wurde kin.

Keamerfragen

It CDA hat keamerfragen steld nei oanlieding fan de cyberoanfal. Net allinne oer de gefolgen fan it stillizzen fan it dataferkear foar pasjinten yn Ljouwert, mar ek oer oare sikehuzen. Dan giet it benammen oer oft dizze sikehuzen foldwaande befeilige binne.

It sikehûs lei woansdei it dataferkear del:

Trefwurden: 
sikehûs MCL cyberoanfal
(advertinsje)
(advertinsje)