Beitske Visser racet takom seizoen ek yn Amearika en Meksiko

De W Series, de raceklasse foar froulju, wurdt keppele oan de Formule 1. Yn it twadde seizoen fan de W Series komme der twa nije races by, yn Amearika en Meksiko. Friezinne Beitske Visser einige ôfrûne jier as twadde yn de nije raceklasse. Dit jier docht se wer mei.
Beitske Visser © BMW Motorsport
De wedstriden yn Amearika en Meksiko binne yn itselde wykein en op itselde sirkwy as de Formule 1.
De earste seis races fan it W Series-seizoen binne yn Europa. Dêr is de W Series keppele oan de DTM, it kampioenskip foar Dútske toerweinen.

Austin en Meksiko-Stêd

Nei de lêste Europeeske race, op 5 septimber yn Assen, geane de froulju nei de oare kant fan de Atlantyske Oseaan. Dêr ride se op 24 oktober yn Austin en in wike letter de lêste wedstriid yn Meksiko-Stêd. Yn dy twa wykeinen binne Max Verstappen en syn kollega's dus op itselde sirkwy aktyf.