Minister De Jonge ûndersiket sluting wenfoarm Noflik Wenje yn Oentsjerk

16 jan 2020 - 17:30

Minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens sil him bûge oer de sluting fan Noflik Wenje, in lytsskalige wenfoarm yn Oentsjerk foar minsken mei demintens. Dat docht De Jonge nei oanlieding fan fragen fan Twadde Keamerlid Maarten Hijink fan de SP, dy't it net akseptabel fynt dat sokke foarsjenningen sletten wurde.

Hugo de Jonge - Foto: ANP

Soarchgroep Patyna sil de wenfoarm op 1 jannewaris 2021 definityf slute. De lokaasje iepen hâlde is net mear mooglik, seit it bedriuw, want dêrfoar sitte der te min minsken. No binne it der tsien, en om goede soarch biede te kinnen soene der tusken de 25 en 30 bewenners nedich wêze.

SP: net akseptabel, no't wachtlisten oprinne

De SP fynt it net akseptabel dat in foarsjenning as Noflik Wenje ticht moat, no't wachtlisten foar sokke soarch oprinne. Hijink wiisde de minister derop dat Noflik Wenje noch mar fiif jier bestiet. "Wat vindt de minister er nou van dat wij oude mensen met dementie gedwongen laten verhuizen van een kleinschalige plek, precies in de buurt zoals wij dat allemaal volgens mij zo graag willen, die nog maar vijf jaar geleden is neergezet?"

Foto: Omrop Fryslân

Minister De Jonge gong der oanfanklik fanút dat der in goede reden wêze soe foar de sluting. "Als je er achteraan gaat, blijkt er vaak ook wel een erg goede reden voor sluiting te zijn."

Hiele mienskip yn opstân

Dêr hat de SP syn twivels oer. "Een hele gemeenschap komt niet voor niks in opstand als een locatie dichtgaat, zeker ook in Oentsjerk", sei Hijink. Sa sammelje fertsjintwurdigers fan de bewenners fan Noflik Wenje hantekeningen yn foar in petysje. Dêrmei wurde de gemeente, de soarchynstelling en de soarchfersekerder oproppen om mei te helpen de lytsskalige soarch yn de Trynwâlden te behâlden. Patyna hat earder sein dat it net slagget om in oernamekandidaat te finen. Bewenners fine dat Patyna dochs fierder sykje moat.

De kliïnteried fynt dat der in ûnôfhinklik ûndersyk komme moat nei de helberens fan in oername en advisearret Noflik Wenje net te sluten.

"Naadje van de kous weten"

De minister wol no witte hoe't it sit. "Het is sowieso goed om altijd het naadje van de kous te willen weten", sei er. "Als u er prijs op stelt dat ik ook de casus-Oentsjerk wat uitgebreider behandel, doe ik dat graag. Maar er is vaak wel een goede reden wil ik maar zeggen waarom dingen worden gestopt." Hy lit de situaasje yn Oentsjerk ûndersykje en sil der skriftlik ferslach fan dwaan oan de Twadde Keamer.

Dick Provoost fan Noflik Wenje en Johan Krul fan Patyna

Noch ôfwachtsjen

Dick Provoost fan Noflik Wenje is belle troch de SP en dy fregen of sy wat foar him dwaan koene en of sy it ûnder de oandacht fan de minister bringe koene. Noflik Wenje hat dus net sels de polityk opsocht, seit Provoost. Hy is bliid mei de oandacht, mar it is neffens him noch wol ôfwachtsjen oft it wat foar de Trynwâlden opsmyt.

De hantekeninge-aksje hat yntusken al mear as 700 hantekeningen opsmiten. Provoost is der oer te sprekken dat ek organisaasjes meidogge, lykas politike partijen, húsdokters en tsjerken.

Te min fraach foar in sûne eksploitaasje

Johan Krul fan Patyna: "Schrikken is een groot woord, maar we snappen wel dat er vragen zijn." Wêrom moat Noflik Wenje dan ticht, neffens him? "Het is een zorgvoorziening met maar tien plaatsen, ooit neergezet voor een lagere zorgvraag. Dat is opgelopen, en daarmee gaan zoveel eisen gepaard dat de kwaliteit van de zorg en de kosten niet met elkaar in balans zijn. Daarom besluiten we te stoppen, hoe jammer dat ook is."

In oername is net slagge, jout Krul oan. Hy seit wol dat Patyna in soarchplicht hat foar de bewenners. "Maar de praktijk is dat je niet allemaal kleine voorzieningen in dit soort dorpen kunt houden. Je moet rond de dertig mensen uitkomen om een gezonde zorginstelling op zo'n locatie te kunnen exploiteren. En uit onderzoek blijkt dat die vraag hier gewoon niet is."

(advertinsje)
(advertinsje)