Kollum: "Tou eem"

16 jan 2020 - 08:21

"By de buorlju fan RTV Noord ha se in aksje. 'Tou eem' is in kampanje tsjin de ferhurding op sosjale media. 'Tou eem' is Grinslânsk foar 'toe juh'. De omrop konstatearret dat de reaksjes ûnder harren posts op Facebook ûnfatsoenliker wurden binne, foaral it ôfrûne jier. Se sjogge it by polarisearre diskusjes, sa as om Swarte Pyt hinne, klimaatmaatregels en ymmigraasje, mar dêr binne no de boereprotesten by kommen. RTV Noord helle der it lanlike nijs mei, om't se op 'e Grote Markt yn Grins meiwurkers sokke reaksjes as protest lûdop foarlêze lieten.

Botte Jellema - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Botte Jellema

Ik ha dêr wat dûbele gefoelens by. Net omdat ik sjarmearre bin fan de reaksjes ûnder nijsberjochten op Facebook, want dat is yndied net sa bêst. Mar mear om't ik mei dat hiele Facebook wol klear bin. Want gean mar ris nei.

Facebook hat ferskate datalekken hân. Dat wie in pear jier lyn noch foarpaginanijs, mar hasto meikrigen dat der ein desimber nammen en telefoannûmers en noch mear fan 267 miljoen brûkers lekt binne? Yn septimber nochris fan 30 miljoen, en dat hat it nijs ek amper helle. Facebook is it bedriuw dat ynformaasje fan 87 miljoen fan harren brûkers ferkocht oan Cambridge Analytica. In skandaal dêr't je je nea genôch yn ferdjipje kinne, om't it in nij level oan wrâldpolityk en besoademiterderij oplevere hat.

Facebook hat komplekse algoritmen skreaun wêrby't artikels dy't dy mooglik oansprekke op dyn tiidline telâne komme. Tûke lobbyisten en propagandafersprieders, en ek gewoan bedriuwen trouwens, meitsje dêr handich gebrûk fan. Sa manipulearje se de boel byinoar, en dat allegearre yn dat ûnskuldich útsjende doarpskrantsje dat Facebook sa graach wêze wol. En sy dy de boel manipulearje, bûge krityk op harren om troch dat sels fake news te neamen. Facebook lit it allegearre barre, seit dêr wat oan dwaan te wollen, mar docht dat amper. Sa't se sizze: 'crying all the way to the bank', want it bedriuw is 625 miljard dollar wurdich.

Ast dat witst, kinst de minsken dy't dêr op sitte dochs net kwea ôf nimme dat se lilk binne. Miskien hie it better west as se lilk op harren sels west hiene, mar dêr binne minsken nea sa goed yn. In tige trochsichtich, mar minsklik trekje.

En no makket RTV Noord in nije Facebookgroep dêr't harren ferhalen op komme. Fan dy groep kinne je pas lid wurde as je je oanmelde en as je in oantal fatsoensregels ûnderskriuwe. Oertrêders wurde út de groep setten, en reaksjes dy't net troch de bûgel kinne wurde rap fuort helle.

Dat is in flinke ynspanning dy't de omrop docht. Wêrby't it goed is om te betinken dat RTV Noord gjin jild kriget fan Facebook foar it leverjen fan content, lit stean foar it opromjen fan al die rotsoai. RTV Noord stelt harrensels publyklik de fraach wêrom't se net gewoan fan Facebook ôf gean. It antwurd is dat in grut diel fan harren publyk dêr ek sit en der in protte wille út hellet. Se fine it wichtich om kontakt mei Grinslanners te hâlden. RTV Noord hat yn 'e ôfrûne jierren in oantal grutte projekten dien op Facebook, dus ik snap wol dat se der net samar fan ôf wolle. Mar der is dochs in grins, sa stelle se sels ek trouwens.

Dy grins. Fan Facebook ôf gean. In stap dy't mar in pear minsken sette. Lit ik it by mysels hâlde; ek ik sit op Facebook. Al set ik der allinnich noch mar wurk-relatearre dingen op. En ik ha al tweintich kear tocht: no giet Facebook dochs echt de grins oer, no hâld ik dermei op.

En dochs ferlis ik dy grins dan mar wer. Elke kear opnij. En leverje wer content oan foar oare minsken om nei te sjen, op Facebook, wêrmei't Facebook reklamejild fertsjinnet, dêr't ik neat fan werom sjoch. Sterker noch, Facebook hat de sjoernalistyk ferlamme, en no meie de omroppen de rotsoai ek noch sels opromje. Undertusken is it bedriuw Data Propria, laat troch eardere Cambridge Analytica-officials, al dwaande mei de goudearlike werferkiezing fan Donald Trump, letter dit jier.

No, mei dat opteine berjocht yn 'e moarn soe ik sizze: tou eem."

(advertinsje)
(advertinsje)