Wurkgroep 'Laagvliegen Nee': "Diskusje oer Lelystad Airport hat noait earlik west"

16 jan 2020 - 08:00

De diskusje oer de útwreiding fan Lelystad Airport hat noait earlik west. De oerheid hat altyd oan it gûcheljen west mei sifers, fynt Rob de Wind fan de wurkgroep 'Laagvliegen Nee' út Munnikebuorren. Fan in earlike diskusje hat gjin sprake west. "Ik hoop dat ze nu echt gaan onderzoeken wat de echte cijfers zijn en dan is wel duidelijk wat wel en niet kan."

Foto: Media Centrum Defensie

De kommisje-Remkes makke woansdei it advys bekend oer de takomst fan de loftfeart yn Nederlân. Dy sektor mei allinnich groeie as de útstjit fan stikstof beheind wurdt.

Remkes fynt it net mear as earlik dat de loftfeart krekt lykas de lânbou, in bydrage leveret yn it werombringen fan de útstjit. As dat net bart mei Schiphol net groeie. En ek Lelystad Airport mei allinnich iepen foar fakânsjeflechten as de útstjit fan stikstof omleech giet. Guon keamerleden tinke dat soks net helber is by Lelystad. Se stelle dat de iepening fan de baan is. Dat is neffens Remkes grif net it gefal. As de stikstof-útstjit kompensearre wurdt, kin der flein wurde.

'De bal terugkaatsen'

Neffens de Rob de Wind wurdt soks dreech. "Er zal nu een discussie komen over cijfers die wetenschappelijk correct zijn. In het verleden is er gestrooid met getallen die niet klopten. Remkes kaatst de bal nu terug."

Mar in soad betrouwen yn it folsleine proses hat de Wind net: "De overheid is aandeelhouder van Schiphol en KLM. Dat is dus in deze discussie geen onafhankelijke partij. In deze commissie heb ik meer vertrouwen."

Oer wat Remkes seit oer fakânsjeflechten moat de Wind laitsje: "Er komt hier een groot Spaans modeconcern, Inditex. Een bedrijf dat moet zorgen voor honderden banen om zo de werkloosheid in de regio van Lelystad te verminderen. Zelfs hier in Fryslân kunnen we daarvan profiteren. Alleen geeft het bedrijf aan personeel uit Spanje over te willen vliegen in plaats van Nederland. Want er is hier sprake van krapte."

Mar der soe ek sprake wêze fan frachtflechten. Dat wurdt troch it ministearje tsjinsprutsen. De Wind: "In een Spaanse krant stond het verhaal dat het bedrijf het vliegveld daar wel voor wil gebruiken."

Buorkerijen útkeapje

Remkes stelt dat Lelystad Airport iepen kin as der genôch stikstofútstjit kompensearre wurdt. Dat soe kinne troch bygelyks buorkerijen yn de omjouwing út te keapjen en te slúten. Lânbou-organisaasjes ha al oanjûn dêr neat foar te fielen.

Rob de Wind fan de wurkgroep 'Laagvliegen Nee'

(advertinsje)
(advertinsje)