Nederlânske flagge moat yn steateseal, fine Forum, PVV en 50PLUS

De Nederlânske flagge moat ophongen wurde yn de steateseal yn it Provinsjehûs. Dat wol Forum voor Democratie. De partij wurdt stipe troch de PVV en 50PLUS. Steatelid Albert van Dijk fan Forum voor Democratie fynt dat de Nederlânske trijekleur stiet foar it algemien belang.
© ANP
Van Dijk sei dat by de Steatekommisje oer de nije kultuernota Nij Poadium 2021-2024. Syn partij sil takom wike woansdei by de Steategearkomste in moasje yntsjinje.

Koartlyn deselde diskusje

Oare partijen wiene kritysk op it útstel. Fraksjefoarsitter Corlienke de Jong fan de FNP fertelde Van Dijk dat sa'n diskusje ek yn desimber 2017 al plakfûn hat yn de Fryske Steaten. Doe hie Steatelid Jitske Eizema fan de Fryske Frijheidspartij, in ôfsplitsing fan de PVV, om de flagge frege. Sy woe ek de Fryske flagge derby ha. Dat gie úteinlik net troch. As kompromis kamen doe de bylden fan de 'drie deugden' werom yn de steateseal.
De Nederlânske flagge hinget al wol yn de grutte fergaderseal fan de Twadde Keamer yn Den Haag.