Oftraap City of Sport yn Drachten: "Rijker sportklimaat voor alle inwoners"

16 jan 2020 - 07:18

Yn Drachten is tongersdeitejûn de ôftraap fan in jier fol sport. De gemeente Smellingerlân mei him dit jier nammentlik European City of Sport neame. "Het is een mogelijkheid om een jaar lang te laten zien wat je te bieden hebt op het gebied van sport en bewegen", seit Kim Assen fan Sportbedrijf Drachten, de útfierder fan it programma.

Squashsintrum Drachten - Foto: Facebook, Centre Squash Drachten

"We krijgen wel een mooie vlag waarmee we kunnen pronken, maar we doen het voor de bewoners", fertelt Assen. "Er zijn meer activiteiten, meer evenementen. En voor ons is het een mogelijkheid om meer aandacht te creëren voor sport en bewegen. We willen dít jaar zoveel mogelijk bereiken, maar hopelijk hebben we ook volgende jaren nog profijt fan deze titel. We hopen dat er een rijker sportklimaat komt voor alle inwoners."

Fytse, dodgeball en squash

Ien fan de eveneminten yn Drachten is de earste etappe fan de Healthy Ageing Tour, in hurdfytswedstriid foar froulju. "De eerste etappe begint en eindigt in Drachten. We doen van alles voor jong en oud om even langs te komen. Verder hebben we het EK dodgeball naar Drachten gehaald. En we merken dat verenigingen zelf ook van alles doen. Zo organiseert het squashcentrum een clinic voor jongere spelers met eredivisiespelers."

Tongersdeitejûn is dus de offisjele ôftraap. Dan komt ûnder oare Cambuurtrainer Henk de Jong út Drachten del. "We gaan hem een vragenvuur voorleggen. Hij is ambassadeur van de City of Sport en heeft z'n hart in de sport."

Net de iennige

Smellingerlân is trouwens net de iennige European City of Sport, der binne dit jier noch sechstjin stêden of doarpen yn Europa mei dyselde titel. En Málaga yn Spanje is de Capital of Sport.

Kim Assen fan Sportbedrijf Drachten

(advertinsje)
(advertinsje)