50 bysûnderste Fryske oarlochsfoto's bekend makke: "Foto's dy't oansprekke"

16 jan 2020 - 06:43

De 50 meast bysûndere oarlochsfoto's fan Fryslân binne woansdeitejûn bekend makke yn it Provinsjehûs yn Ljouwert. Dy seleksje is makke út tûzenen foto's. "Wy sykje foto's dy't de minsken it meast oansprekke", fertelt Johan Steendam fan it projekt. "Uteinlik moat der in soarte kanon fan foto's út de Twadde Wrâldoarloch komme."

"We hiene sa'n 7.000 of 8.000 foto's", seit Steendam. "Dy ha we allegear trochsjoen. It koste trije middeis en úteinlik binne we ta in seleksje kaam."

Benammen fan begjin en ein

Wat opfalt, is dat benammen fan de begjinperioade en fan de ein fan de oarloch in protte foto's binne. Fan de tuskenjierren is net folle materiaal fûn. Dêr hat Steendam in ferklearring foar: "Yn it begjin wie it idee fan foto's noch nij en minsken mochten doe foto's meitsje. Mar militêre objekten mochten op in bepaald stuit net mear fotografearre wurde. Boppedat wie der krapte oan fotoroltsjes. Saakkundigen ha it idee dat minsken de fotoroltsjes wat opsparre ha, want om 15 april 1945 hinne sjochst in eksploazje fan fotomateriaal, elkenien makke wer foto's. Fan dy perioade is dus genôch, mar fan 1942, 1943 en 1944 just minder."

"Sinjaal fan hoop"

Kommissaris fan de Kening Arno Brok iepene de jûn. "As we hjir troch de âlde stêd fan Ljouwert rinne, troch de âlde Joadske buert, dan fiele en sjogge wy dat dêr in stikje wichtige Joadske skiednis yn dizze haadstêd wie", fertelde er. "Dat gefoel ha ik derby. Sjoch nei de Sacramentstraat, it Joadske monumint, de Joadske skoalle. En wat is it dan moai dat wat yn de oarloch in Joadske skoalle wie, dat datselde gebou no wer in skoalle is. Sa wurde it ferline, hjoed en de takomst ferbûn. En dat is in sinjaal fan hoop."

De gearkomste yn it Provinsjehûs - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Telefyzjepresintator Frits Jelle Barend fertelde it ferhaal fan syn famylje dy't yn de oarloch by in Fryske húshâlding ûnderdûkt siet. "Mijn ouders zijn terechtgekomen in Woudsend. Ze hadden geld en ze hadden blijkbaar goed betaald. Maar mijn moeder hoorde mensen op een gegeven moment zeggen: 'we hebben het geld wel binnen, die Joden kunnen morgen wel vertrekken.' Dus mijn moeder zei tegen m'n vader dat we weg moesten. toen zijn we naar de familie Bokma in Balk gegaan. En 's ochtends kwamen er inderdaad Duitse soldaten in Woudsend om te zoeken naar de Joden op zolder."

Uteinlik is it goed ôfrûn mei de famylje Barend. "Via de familie Bokma zijn we terechtgekomen bij 'heit en mem', bij Jelle en Jeltje de Vries in Oudega. Daar binnen stond een wiegje voor mijn broer en een volledig gedekte tafel voor mijn ouders zonder varkensvlees, want dat eten Joden niet. Het was zo'n fantastisch warm welkom, zei mijn moeder."

Frits Barend oer de Twadde Wrâldoarloch - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Stimme

Ein ferline jier koe elkenien op de webside fan de Ljouwerter Krante stimme op de foto's. De 25 foto's dêr it meast op stimd is, geane troch nei de lanlike fotoferkiezing fan it NIOD, Instituut voor Oorlogs-, Holocaust- en Genocidestudies. Dy makket dêr de eksposysje De tweede wereldoorlog in 100 foto's fan.

De Fryske fotoferkiezing is organisearre troch Tresoar, Historisch Centrum Leeuwarden en Fries Verzetsmuseum, yn gearwurking mei Omrop Fryslân, de Ljouwerter Krante en de provinsje. Johan Steendam fan Tresoar is ek by de lanlike ferkiezing belutsen.

Nasjonale tentoanstelling

De nasjonale tentoanstelling De Tweede Wereldoorlog in 100 foto's is fan maart ôf te sjen yn de Twadde Keamer yn Den Haag. De 50 moaiste Fryske oarlochsfoto's wurde tentoansteld yn it Fries Verzetsmuseum en yn in pop-uptentoanstelling op ferskate plakken yn de provinsje. Yn maart en april sille se ek alle wiken publisearre wurde op de webside fan Omrop Fryslân.

Ferslachjouwer Willem de Vries yn it Provinsjehûs

(advertinsje)
(advertinsje)