Mear oandacht foar amateurkeunst yn kultuernota 'Nij Poadium'

15 jan 2020 - 22:34

Yn de nije kultuernota fan de provinsje komt mear oandacht foar amateurkeunst. De measte partijen hawwe dat woansdeitejûn oanjûn by de steatekommisje oer 'Nij Poadium', sa't de beliedsnota oer kultuer hjit. Ferline wike hie direkteur Douwe Zeldenrust fan Keunstwurk syn soargen utere oer it gebrek oan oandacht foar de amateurkeunst.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Yn de perioade 2021 oant 2024 feroaret in soad foar kultureel Fryslân. Organisaasjes krije net mear fanselssprekkend in subsydzje. Sy moatte dêrfoar no eltse fjouwer jier in oanfraach dwaan. In spesjale kommisje beoardielet dêrnei oan de hân fan ferskate kritearia wa't de subsydzje krijt.

Steatelid Marijke Roskam fan de PvdA

Keunstwurk wiis mei beslút

Direkteur Douwe Zeldenrust fan Keunstwurk is bliid mei it wichtige plak foar de amateurkeunst. Ek is hy wiis mei it útstel fan it CDA om brûsplakken foar jonge makkers te kreëarjen.

Takom wike woansdei nimme Provinsjale Steaten in definityf beslút. Fan febrewaris ôf kinne makkers en organisaasjes harren plannen yntsjinje foar nei 2021. Foar de simmer moat dúdlik wurde wa't provinsjale subsydzje krijt en wa net.

Direkteur Douwe Zeldenrust fan Keunstwurk

(advertinsje)
(advertinsje)