Under de stjerren wachtsje op iepening kaartferkeap Slachtemaraton

Waarme tekkens oer, mûtse op, sjaal om en djip yn de sliepsek krûpe. Dat dogge de minsken dy't lizze te wachtsjen foar it 'echte' kaartferkeappunt fan de Slachtemaraton. Neist dat de kaarten foar de Slachtemarathon sneontemoarn fan 18 jannewaris ôf online te keap binne, iepenet de organisaasje dy dei ek in fysyk kaartferkeappunt.
Iepening kaartferkeap Slachtemaraton
It is miskien wol it lytste kaartferkeapsintrum fan 'e wrâld en it stiet op it plak dêr't de Slachtemarathon yn 2020 de finish hat: op hichte fan Slachte 12 by Easterbierrum. It fysike kaartferkeappunt iepenet op sneon 18 jannewaris om 5.45 oere. In kertier earder dus as de kaartferkeap op de webside úteinset. "It heart by de Slachtemarathon om ek persoanlik in kaartsje keapje te kinnen", seit artistyk lieder Marten Winters.

13.500

De Slachtemarathon is dit jier op sneon 13 juny. Der binne 13.500 kaarten beskikber foar kuierders. Dêrfan binne yn de foarferkeap foar Freonen fan de Slachtemarathon ôfrûne wike al kaarten ferkocht. Wa't sneontemoarn de kaarten yn Easterbierrum keapje wol, kin it bêste goeie klean en tichte skuon oandwaan. De earste leafhawwers leinen woansdeitejûn al yn 'e rige.
Ferkeappunt Slachtemaraton © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
De start fan de Slachtemaraton is dit jier yn Raerd, yn it hert fan Fryslân. De rûte rint dêrnei troch oer de Slachtedyk nei de finish by de seedyk yn Easterbierrum.
Minsken wachtsje op kaartferkeap en artistyk lieder Marten Winters is dêr oer te sprekken
Minsken wachtsje op iepening ferkeappunt Slachtemaraton © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek