UNIS Flyers wint mei 5-2 fan Nijmegen en pakt de beker

15 jan 2020 - 22:14

It slagge de UNIS Flyers yn de bekerfinale tsjin de Devils fan Nijmegen te winnen mei 5-2. De wedstriid waard spile yn Eindhoven. Al fan it begjin ôf bepaalde de iishockeyploech fan It Hearrenfean de wedstriid. Letter kaam Nijmegen werom, mar yn de lêste minuten wie UNIS Flyers net mear te ferslaan.

Assistint-coach Jacco Landman:

Jacco Landman

Pim van der Meulen fan de Flyers koe al gau de earste goal meitsje. De oanfal wie opset troch Mark Hoekstra. Sy koene UNIS Flyers tegearre op 1-0 foarsprong sette. Dochs makke Nijmegen in lytse tsien minuten letter ek in goal: Ritchie van Hulten koe de 1-1 meitsje.

Nei de 1-0 fan Pim van der Meulen - Foto: Orange Pictures

Nei de earste perioade stie it yn de bekerfinale dus 1-1. UNIS Flyers kamen goed werom út de klaaikeamers. Fuortendaalks op de powerplay skeat Lars den Edel de 2-1 binnen foar de ploech. Nijmegen besocht werom te fjochtsjen, mar de ploech fan It Hearrenfean sloech werom mei in powerplaygoal. Trevor Petersen makke in goeie pass, krige de puck werom en skeat heech de 3-1.

Nijmegen komt werom

Petersen spile net folle letter Juha Kiilholma frij, dy't dêrnei foar de beslissende 4-1 soargje koe. Dar barde nei goed in heal oere spyltiid. Oan de ein fan de twadde perioade stie it noch hieltyd 4-1. Melissant koe de 4-2 meitsje, fan de boarding spile hy himsels frij en koe de powerplaygoal meitsje. Yn de lêste minuten krige de iishockeyploech fan It Hearrenfean ferskate kearen straf foar de fuotten.

Ein oan de ûnwissens

Krekt foar de ein fan de wedstriid tocht Nijmegen opnij in goal te meitsjen, mar nei oerlis fan de referees is besletten dat de ploech in penaltyshot krige. Jeffrey Melissant mocht de penalty nimme, mar it skot koe keard wurde troch Martijn Oosterwijk. Hiel rap dêrnei koe Kiilholma yn it lege net in goal meitsje. Krekt foar it oere hat UNIS Flyers de stân dêrmei op 5-2 set. Dêrmei hawwe sy net allinne de wedstriid wûn, mar ek de beker.

Martijn Oosterwijk:

Martijn Oosterwijk

Al yn it foar favoryt

De iishockeyers hiene sûnt 2017 foar it earst wer de kâns nasjonale beker te winnen. De Hearrenfeanske ploech wie al yn it foar favoryt. De Fryske ploech slagge it om alle tsien duels yn de bekerkompetysje te winnen. Nijmegen en de Flyers hawwe dit seizoen twa kear tsjin inoar spile, beide kearen gie de winst nei de Friezen (3-2 en 5-2). Flyers hie tolve kear de beker wûn, Nijmegen fiif kear.

De bekerfinale foar de UNIS Flyers - Foto: Omrop Fryslân, Freark Wijma
(Advertinsje)
(Advertinsje)