VC Snits ferrassend ûnderút yn heale finale bekertoernoai

15 jan 2020 - 22:00

De follybalfroulju fan VC Snits hawwe harren net pleatst foar de bekerfinale. De Snitser froulju hiene in tige swiere jûn tsjin de topdifyzjonist Laudame Financials VCN (Volleybalvereniging Capelle Nieuwekerk) út Capelle aan den IJssel en ferlearen. Dat barde nei in 2-0 foarsprong, mei 3-2 yn sets (17-25, 21-25, 25-14, 25-18, 15-11).

Hoe stiene de ploegen der foarôfgeand foar? VCN skeakele yn de kwartfinale ferrassend earedifyzje-koprinner Eurosped út mei 3-0 (25-23, 25-22, 25-22). VCN is koprinner yn de top-difyzje, ien klasse leger as de de earedifyzje. Njonken VC Snits en VCN hawwe ek Apollo 8 en Sliedrecht Sport in plak yn de heale finales.

Op 12 jannewaris hiene de froulju fan VC Snits foar de tredde kear op rige wûn. Sy wiene yn de Snitser Sporthal mei 3-0 te sterk foar Talententeam Papendal.

It duel waard spile yn Sporthal Oostgaarde. De thúsploech pakte brutaal de earste punten fan de wedstriid, mar dêrnei koe VC Snits oarder op saken stelle. Nettsjinsteande in oantal missers oan de opslach luts Snits de earste set nei har ta: 25-17. It gie muoisum, mar Snits koe wol de winst pakke.

VC Snits tsjin VCN - Foto: Orange Pictures

Ofstân mei hoarten en stjitten

Yn de twadde set liet Laudame Financials VCN sjen werom't it sa'n taaie ploech is. De Snitsers hiene hieltyd in lytse foarsprong, mar sy koene mar muoisum ôfstân nimme. Dat slagge yn it twadde part fan de set wol. It tredde setpunt fan de ploech fan trainster Henriëtte ter Steege waard binnenhelle mei in 25-21 oerwinning as gefolch.

Minne tredde en fjirde set

De tredde set joech de ploech út Capelle aan den IJssel wer hoop op in comeback. Dat liet VC Snits gjin kâns en helle de set mei 25-14 binnen. Beide ploegen giene yn de fjirde set lang lykop, mar healwei wist VCN in gat te slaan. Dêrom hiene de Snitser froulju gjin antwurd. Dêrtroch gie de set mei 25-18 ferlern. De lêste set waard lang om let mei 15-11 ferlern.

Trainster Henriëtte ter Steege en Roos van Wijnen:

(advertinsje)
(advertinsje)