Filmtalint-priis ferneamd nei Rutger Hauer: award giet nei Paul Verhoeven

Der is in priis ferneamd nei akteur Rutger Hauer, dy't lang yn Beetstersweach wenne en dêr yn july ek ferstoarn is. De earste Rutger Hauer-priis wurdt útrikt oan regisseur Paul Verhoeven op it festival Shortcutz.
Paul Verhoeven en Rutger Hauer yn 1977 © ANP
Hauer wurke fiif kear mei Paul Verhoeven. Sa makken sy de searje Floris, mar ek de bekende films Soldaat van Oranje en Turks Fruit. De Rutger Hauer-priis wurdt jûn oan in persoan dy't in wichtige ynspiraasje is foar jonge filmmakkers. Rutger Hauer wie yn syn lêste jierren in soad dwaande mei it begelieden fan jonge talinten.
De widdo fan Hauer, Ineke Hauer-ten Cate, sil de earste award oan Verhoeven jaan yn Eye Filminstituut. Sûnt 1969 hie it stel in buorkerijke by De Rottefalle. Op 22 novimber 1985 binne Hauer en Ten Cate yn 't geheim troud yn Beetstersweach, troch de boargemaster fan Opsterlân.