Brân smyt seldsume poddestuollen op yn it Drents-Friese Wold

15 jan 2020 - 19:45

De 'violette brandplekbekerzwam', it 'spinragkuddeschijfje' en de 'brandplekbundelzwam.' Moaie Fryske oersettingen binne der noch net fan dizze seldsume poddestuolle-nammen, mar it bysûndere is wol dat dizze soarten fûn binne yn it Drents-Friese Wold ûnder de provinsje. En dat hat alles te krijen mei in grutte brân.

De brandplekbundelzwam - Foto: Wikimedia Commons

It nasjonaal park hie yn 2018 te krijen mei in grutte brân: goed 75 bunder wie folslein ferbaarnd. Dy brân hat lykwols ek nije natuer opsmiten, docht no bliken.

Op it heidegebiet Dolsummerveld is ûndersyk dien nei saneamde 'brânplakpoddestuollen.' Dy poddestuollen groeie inkeld op plakken dêr't brân west hat. Sa binne de nije soarten ûntdutsen. Ek waard de 'myrmaecium rubricosum' fûn, in poddestoel dy't sels noch net in Nederlânske namme hat.

Neffens Het Drentse Landschap knapt it Dolsummerveld gau op fan de brân, al duorret it noch wol jierren foar't de slange- en flinterpopulaasjes wer op peil binne.

(advertinsje)
(advertinsje)