Begraffenis Aart Staartjes yn Dronryp

15 jan 2020 - 19:19

Aart Staartjes wurdt freed yn Dronryp yn besletten fermidden begroeven, dat hat syn famylje witte litten. In grut publyk ôfskie komt der net, al is yn de biblioteek fan Dronryp wol in plak ynrjochte om de telefyzjemakker te betinken. De 81-jierrige Aart Staartjes is snein ferstoarn, troch de gefolgen fan in ûngelok mei in brommobyl yn Ljouwert.

It kondolaasjeregister yn de biblioteek fan Dronryp - Foto: ANP

Yn de biblioteek kinne minsken oant en mei tongersdei tusken 13.30 en 18.00 oere terjochte foar in wurd fan treast en ôfskie, seit gemeente Waadhoeke. Ek is der gelegenheid om blommen del te lizzen en in kondolaasjeregister te tekenjen. Ek yn Beeld en Geluid yn Hiversum kin der wat skreaun wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)