Nije skipper foar Dokkumer IFKS-skûtsje: Olphert van der Pol

15 jan 2020 - 19:02

It skûtsje fan Dokkum hat in nije skipper: Olphert van der Pol. Syn broer Wiebe van der Pol wurdt syn adviseur. Fierder bliuwt de bemanning hast lyk. Van der Pol folget Kees van der Kooij op dy't sûnt 2016 skipper wie fan it Dokkumer skûtsje Ebenhaëzer.

Foto: Rechtenvrij

De 39-jierrige Olphert van der Pol fan Snits hat in soad ûnderfining yn de skûtsjewrâld. Sa wie hy jierren bemanningslid fan it SKS-skûtsje De Sneker Pan dêr't hy ek adviseur west hat. Dêrneist fear hy mei it skûtsje fan De Lemmer mei en de lêste tiid wie Van der Pol aktyf by it Huzumer skûtsje. Hy hat lykwols noch nea skipper west.

"Ik sjoch dit as in moaie útdaging. Myn dream is om oait skipper te wurden by de SKS. Ik kom nammentlik út in skippersfamylje, dus de mooglikheid is der. Mar ik wol earst benammen ûnderfining opdwaan. Ik hoopje by it Dokkumer skûtsje in soad te learen en mei te draaien yn de top", seit de nije skipper dy't fan jongs ôf al skûtsjeleafhawwer is.

Underhâldsbeurt

Foarsitter Hylke Heidstra fan it wedstriidskûtsje fan Dokkum is bliid mei de bruorren Van der Pol oan board. "It is goed dat der wer in frisse wyn troch de Ebenhaëzer waait." Net allinnich de skipper is nij. It skûtsje sels wurdt op it stuit folslein restaurearre. It skip wie oan in ûnderhâldsbeurt ta.

Op nei de IFKS

As alles goed giet, is it skip yn maart wer klear. Dan begjinne de trainingen. "Us earste skûtsjewedstriid sil dy fan LemmerAhoy wêze. It is lêstich yn te skatten hoe't we dit jier prestearje. Stikem hoopje wy op in plakje yn de top 5 by de IFKS. Dêr dogge je it úteinlik foar", seit Heidstra.

(advertinsje)
(advertinsje)