Nije kommandant fleanbasis: mear gearwurking mei opliedings en skoallen

15 jan 2020 - 18:59

Fleanbasis Ljouwert wol de gearwurking mei skoallen en opliedingen fierder útwurkje. Dat moat de bân mei de omjouwing fersterkje en liede ta nije ideeën en ynsjoggen. Dat wie ien fan de boadskippen fan de nije kommandant fan de fleanbasis, Henk Doorten, yn syn nijjierstaspraak. Doorten nimt freed it kommando oer fan Arnoud Stallmann. Dy makket de oerstap nei it ministearje fan Definsje yn Den Haag.

De lâning fan de earste F-35 yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

Doorten realisearret him dat de fleanbasis in grutte ynfloed hat op de omjouwing. Hy wol dêrom iepen en transparant bliuwe nei de omwenners ta en besykje wêr mooglik oerlêst te beheinen. Sa wurdt by it jûnsfleanen op in oare wize de lâning ynset dy't foar minder oerlêst soarget.

Foar de nije kommandant is it oerlis mei de omwenners fan grut belang. Dat is it ôfrûne jier bot yntinsivearre, sa seit Doorten. It lûdsmjitnet dat oprjochte is, soarget foar in soad ekstra gegevens. Op basis dêrfan kin ûndersocht wurde wer't de omjouwing mooglik ûntlêst wurde kin.

Dit jier acht F-35's

Op it stuit stean der op de fleanbasis twa F-35's. Dat tastel is de ferfanger fan de F-16. Oan de ein fan it jier moatte it der acht wêze. Yn de tuskentiid betsjut it dat der ôfskied nommen wurdt fan in oantal F16's.

It ôfrûne jier hat it personiel fan de fleanbasis al drok west mei de oergong nei it nije jachtfleantúch. Dat proses giet dit jier troch, sa seit Doorten. Njonken de F-35 wurde minsken ek oplaat om mei it nije ûnbemanne fleantúch de MQ-9 Reaper om te gean. Dat earste tastel wurdt takom jier ferwachte op de fleanbasis yn Ljouwert.

MQ-9 Reaper - Foto: Hayo Bootsma
(advertinsje)
(advertinsje)