Frysk-Hollânsk fee ferkeazen ta seldsum ras fan it jier 2020

15 jan 2020 - 18:03

De feriening fan it Frysk-Hollânsk fee en de Stichting Zeldzame Huisdierrassen roppe de Frysk-Hollânske ko út ta 'Ras van het jaar 2020'. Goed hûndert jier lyn waard de basis lein foar de ko dy't Nederlân grut makke. Mar neffens de ferieningen biedt de Frysk-Hollânske ko ek yn tiden fan ferduorsuming fan de lânbou kânsen.

Foto: Jan van Berkum

Der binne goed 90 seldsume Nederlânske lânbouhúsdierrassen dy't ûnder de soarch fan de Stichting Zeldzame Huisdierrassen (SZH) falle. Elts jier kiest SZH ien fan dizze rassen út as ras fan it jier om de bisten en hâlders yn it ljocht te setten. Dêrneist wurdt yn gearwurking mei de rasorganisaasje sjoen nei it organisearjen fan aktiviteiten, winsken en mooglikheden foar it dwaan fan ûndersyk en kânsen foar de promoasje fan it ras.

Frysk-Hollânske ko

It Frysk-Hollânsk fee wie lange tiid dé melkfeesteapel yn Nederlân. It ras ûntstie troch Fryske en Noard-Hollânske boeren dy't harren Nederlânske kij selektearren op molke. Doe't tusken 1744 oant 1756 yn koarte tiid mear as 100.000 kij dea giene oan de feepest, binne ek bisten út Jutlân en Dútslân wei ynset. Nei in oantal generaasjes fan seleksje wie dizze nije opsette populaasje swartbûnte kij útgroeid ta in tige populêr molkeryk kowefeeras: de Frysk-Hollânske ko.

(advertinsje)
(advertinsje)