Femke Kok nei WK ôfstannen yn Salt Lake City

15 jan 2020 - 17:58

Femke Kok sil definityf meidwaan oan de ISU WK ôfstannen yn Salt Lake City yn Amearika. Kok hopet in wike dêrnei te begjinnen by de WK junioaren yn it Poalske Tomaszow Mazowiecki, dêr't se titelferdigener is.

Foto: www.orange-pictures.nl

De jonge reedrydster út Nij Beets waard by de KPN NK ôfstannen tredde op de 500 meter. Dêrmei fertsjinne Kok in startbewiis foar sawol de ISU WK ôfstannen as de ISU EK ôfstannen op It Hearrenfean. Dy lêste wie ôfrûne wykein, dêr't se mei 37.66 sekonden, in wrâldrekôr by de junioaren, krekt it poadium miste.

Seizoensopbou

De seizoensopbou fan Femke Kok is ôfstimd op de WK junioaren yn Poalen, mar troch de ûntwikkelingen fan Kok waard it tiid om de plannen oan te passen. Yn goed oerlis mei har âlden en trainers by RTC Noord Friesland, Wouter van der Ploeg en Andreas Wierda, hat Kok besletten om har rûte foar de rest fan dit seizoen oan te passen.

"We hebben besproken wat het beste is voor Femke", fertelt trainer Van der Ploeg. "De EK afstanden hebben bevestigd dat ze klaar is voor het grote werk. Na afloop van het toernooi in Thialf zag ik een twinkeling in haar ogen. Ze was niet vermoeid, maar juist super gemotiveerd om op het hoogste niveau te laten zien wat ze in haar mars heeft."

Femke Kok - Foto: www.orange-pictures.nl

Kok sil de World Cup junioaren yn Minsk sawiesa net ride. Yn plak dêrfan reizget se nei Noard-Amearika dêr't se op 7 en 8 febrewaris oan de ISU World Cup 5 yn Calgary meidwaan sil. De wike dêrnei rydt se fan 13 oant en mei 16 febrewaris de ISU WK ôfstannen yn Salt Lake City. Fuortendaalks dêrnei sil Kok troch nei Poalen foar de WK junioaren fan 21 oant en mei 23 febrewaris.

Foar de WKJ sil de seleksjekommisje Langebaan fan de KNSB noch wol grien ljocht jaan moatte. "Wij zullen er alles aan doen om Femke weer zo goed mogelijk in Polen aan de start te krijgen", seit Van der Ploeg.

Enerzjy

Femke Kok sels hat geniete fan de KPN NK en ISU EK ôfstannen yn Thialf. "Der is de lêste wike safolle op my ôfkaam", seit se. "Dat it sa rap gie, hat mysels ek wol in bytsje ferrast. Alle oandacht dy't myn prestaasjes krije fyn ik prachtich, ik krij der in soad enerzjy fan. Dat makket dat ik in soad nocht haw yn de wedstriden dy't der no oankomme, yn it bysûnder Salt Lake én de WK junioaren."

(advertinsje)
(advertinsje)