Fryske bands en Fryske sliepplakken op Eurosonic

15 jan 2020 - 17:38

Muzykleafhawwers kinne de kommende dagen wer har hert ophelje yn de stêd Grins. Oer meardere dagen is dêr Eurosonic/Noorderslag, in festival met hûnderten bands en ek in muzykkonferinsje. De Fryske ynbring komt net inkeld fan artysten, mar ek fan saneamde sliepskippen.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

"De bobo's fan de muzykyndustry moatte fansels ek plak ha, se sliepe op ien fan ús 25 sliepskippen", fertelt Mark Jongedijk fan it Fryske bedriuw Slaapschepen. "Dan hast it oer minsken fan Mojo of Pinkpop, dy komme hjir nei bands sjen om te sjen oft se dy kontraktearje kinne foar har eigen festival."

Jongedijk leveret al hast 18 jier skippen oan de stêd. "It is mei ien skip begûn, en dat is flink útgroeid. Guon skippen binne goed hûndert meter, mar der binne ek lytsere skippen by." Dat is logistyk wol in put om se nei de stêd te krijen. "Salang't it net friest, is it wol te dwaan. Guon skippen komme sels spesjaal út Maastricht."

Ek by it terrein fan it âlde fabryk Suikerunie lizze nochris acht skippen foar de artysten. Soms steane artysten derom bekend dat se hotelkeamers slope, mar dat hat Jongedijk noch net meimakke. "Der bart wolris wat, mar slope net gelokkich."

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Mark Jongedijk fan Slaapschepen

The Homesick spilet freed op Eurosonic - Foto: Omrop Fryslân

"Het bruist", fertelt Paul Giesen fan Hit the North/Popfabryk. "De Popfabryk is een productiehuis voor Fries poptalent. Bands uit de drie noordelijke provincies die de ambitie hebben om professioneel te worden helpen we."

Foar elke provinsje binne dat trije acts dy't yntinsyf begelaat wurde mei in eigen coach. Dit jier steane de acts fan 2019 en 2020 op it festival, lykas Seewolf de Delore, de winner fan de Kleine Prijs van Fryslân. "Ze kunnen mooi ervaring opdoen en netwerken."

Paul van Giesen

Trefwurden: 
muzyk Grins Eurosonic
(advertinsje)
(advertinsje)