De waarme winter: goed foar túnsintra, minder foar It Fryske Gea

Te hege temperatueren en in soad rein: it wol noch mar net slagje mei de winter. Neffens It Fryske Gea hat dat ynfloed op de fûgels en de greide. Benammen ljippen en guozzen fernimme de ferskillen yn temperatueren. By ferskate túnsintra binne se lykwols bliid mei de hege temperatueren. "Alles kin no moai bûten bliuwe."
Waarme Winter

Wurksumheden It Fryske Gea

Mei grutte stappen rint Freek Nijland fan It Fryske Gea troch it sompige natuergebiet Grutte Wielen hinne. "Gewoanwei kinne wy hjir alles meane, mar dat slagget no net. As je hjir mei de trekker yn wolle, sit dy sa fêst," seit Nijland wylst hy mei syn skuon troch de blabze rint.
"Wy hoopje echt dat der noch wat froast komt, want dan pas kinne we meane." Dat meane is wichtich foar takom maitiid. "Der sitte no allegearre ruskepit tusken it gers en dat is net goed foar de fûgels. Dat moat yn de maitiid fuort wêze."
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort is mei It Fryske Gea op 'en paad

Ljip

De ljip hat it lykwols nei it sin yn ús provinsje. "Jannewaris is in tiid wêryn't de ljip nei it suden giet," seit Freek wylst hy mei in fierrekiker oer de mar Sierdswiel útsjocht. "Mar no binne der noch in soad. Dat is wol unyk. Se genietsje fan it Marbella yn Fryslân," laket Nijland.
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Alles stiet binnen

By de túnsintra fernimme se ek dat de winter noch net yn Nederlân arrivearre is. "Gewoanwei hawwe wy neat mear bûten stean," siet túnman Klaas Piekstra. "Mar no sjochst dat alles noch bûten stiet. We krije ek noch hieltyd minsken oer de flier dy't ek noch guod keapje foar yn de tún, dat is oars net sa. Dan is jannewaris wol de rêstige moanne."

Krystbeammen en simmerplanten

Troch dizze temperatueren binne der bysûndere situaasjes by it túnsintrum. "Wy hawwe hjir yn desimber hân dat de iene persoan foar in krystbeam kaam en de oare foar simmerplanten," laket Piekstra. "Dan moat je as personiel wol efkes skeakelje, want gewoanwei kinne we it per seizoen yndiele. No liket dat wol fuort."