Boargemaster Jan Rijpstra: "Rust en stabiliteit, daar gaat het mij om"

15 jan 2020 - 17:10

It opstappen fan wer in wethâlder binnen it kolleezje fan boargemaster en wethâlders skeint it oansjen fan de polityk yn Smellingerlân. De krisis dy't ûntstien is nei it opstappen fan de PvdA út de koälysje moat dan ek gau oplost wurde. Dat seit boargemaster Jan Rijpstra. "Het aanzien van de politiek in Nederland is al niet florissant, dus ik vond het niet leuk."

Rijpstra hat mei alle oerbleaune koälysjepartijen praat en de ried op de hichte steld. Hy wol âld-boargemaster Ton Baas oanstelle as ferkenner. "Hij gaat het probleem inventariseren en inzichtelijk maken wat er precies is gebeurd. Op basis daarvan is de bedoeling dat hij oplossingsrichtingen biedt om - en dat vind ik heel belangrijk - de gewenste rust en stabiliteit te realiseren. Daar gaat het mij om."

Tredde wethâlder dy't ophâldt

Sûnt de gemeenteriedsferkiezingen, in lytse twa jier lyn, is Trompetter al de tredde wethâlder yn Smellingerlân dy't ophâldt. Trompetter wie nammentlik de opfolger fan Roel Haverkort, dy't der fanwege 'persoanlike omstannichheden' mei ophold. En ein 2019 stapte Eric ter Keurs op, omdat er iepenbier krityk levere hie op it amtlik apparaat yn de gemeente. Rijpstra: "Ik wil dat het aanzien van de politiek, ook in Smallingerland terugkomt. We zijn het hoogste orgaan. Dat moeten we ook uitstralen."

Gemeentehûs Smellingerlân - Foto: Omrop Fryslân

De krisis ûntstie nei't de PvdA tiisdei út de koälysje stapte. De partij koe net oer de manier fan dwaan fan koälysjepartner ELP. Dy partij wol sels ûndersyk dwaan nei in subsydzje foar teäter De Lawei, mar it kolleezje, dêr't de partij dus sels yn sit, soe dat ek al dwaan. Dat sjocht de PvdA as in teken fan wantrouwen nei it kolleezje. PvdA-wethâlder Cor Trompetter hat dêrom syn ûntslach oanbean oan boargemaster Jan Rijpstra.

Foto: Omrop Fryslân

Rijpstra baalde der wol fan dat de PvdA út de koälysje stapte. "Als een partij het vertrouwen opzegt in een andere partij, en dat daarmee ook een wethouder zijn conclusies trekt, denk je als voorzitter van het college als eerste: wat gaat er nu weer gebeuren? Weer een wethouder die we verliezen."

Ferskate farianten

Oft de nije koälysje beslist in mearderheid yn de ried ha moat, dêr wol Rijpstra him net oer útlitte. "Maar dat soort oplossingsrichtingen zullen verkend worden door de heer Baas. Kijken op welke wijze Smallingerland zo snel mogelijk weer een sterk bestuur terug kan krijgen. Dus meerderheid óf minderheid met gedoogsteun, er zijn allerlei varianten."

Rijpstra hopet dat Baas op 7 febrewaris syn befiningen oan de ried presintearje kin. "Dat is ons streven. Hij kan de gesprekken op korte termijn voeren."

(advertinsje)
(advertinsje)