Fiering 25 jier Kameleondoarp Terherne mei ynrjochtsjen Kameleonplein

15 jan 2020 - 17:05

It 25-jierrige jubileum fan it Kameleondoarp yn Terherne falt gear mei it op 'e nij ynrjochtsjen fan it doarp troch de gemeente. Foar de organisaasje efter de toeristyske attraksje is it reden om in spesjaal 'Kameleonplein' yn te rjochtsjen foar de bekende pleats fan Hielke en Sietse.

Kameleondoarp yn Terherne - Foto: Omrop Fryslân

Op it plein moat neffens it Kameleondoarp in oade te sjen wêze oan skriuwer Hotze de Roos en yllustrator Gerard van Straaten. Op de Kameleonboat by de pleats komt in sokkel dêr't reaksjes fan besikers yn ferwurke wurde.

Plan opset yn 1994

De Roos wie tusken 1949 en 1991 de skriuwer fan de bekende boeken 'De schippers van De Kameleon.' De Roos hat oait sein dat Terherne in soad liket op it doarp Lenten út de aventoeren fan Hielke en Sietse. Dêrom hat Stichting Vrienden van de Kameleon yn 1994 besletten in attraksje op te setten en it doarp om te tsjoenen ta Kameleondoarp.

Yn 2020 komt der ek in spesjale edysje fan de Lentenbode út en wurde neffens de organisaasje tal fan eveneminten hâlden.

(advertinsje)
(advertinsje)