Wat hat Gerrit Hiemstra bern te fertellen oer de striid tsjin it wetter?

15 jan 2020 - 16:34

It Fries Museum en Tresoar organisearje fjouwer kolleezjes oer de striid tsjin it wetter. Net foar folwoeksenen, mar spesjaal foar bern. Echte wittenskippers wurde útdage om foar de 'MuseumJeugdUniversiteit!' leuke kolleezjes op te setten, dêr't bern tusken de 8 en de 12 jier ék noch wat fan opstekke.

Gerrit Hiemstra - Foto: Walter Kallenbach

It earste kolleezje wurdt op 1 maart yn it Fries Museum jûn troch waarman Gerrit Hiemstra. Hy sil de bern útlizze wêrom't de seespegel omheech giet en wat dat betsjutte kin foar de diken yn en om Fryslân.

De oare kolleezjes binne fan Mans Schepers oer it Fryske lânskip yn de Fikingtiid (8 maart), fan Martijn Manders oer in VOC-skip dat by Ingelân fergien is (29 maart) en fan Lean Hornburg oer in seeslach yn de Twadde Wrâldoarloch (5 april).

MuseumJeugdUniversiteit! - Foto: Ruben van Vliet
(advertinsje)
(advertinsje)