Wurkstraf foar man dy't freondinne mei neppistoal bedrige

15 jan 2020 - 16:10

In man dy't syn freondinne yn har wenning yn Drachten bedrige, mei in net fan echt te ûnderskieden neppistoal, is woansdei feroardiele. De 40-jierrige Rotterdammer hat in wurkstraf fan 120 oeren krigen en twa moannen finzenis ûnder betingst.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Rotterdammer wie sels noch yn de ferûnderstelling dat hy in relaasje hie mei syn eks-freondinne. De frou seach dat oars. Sy hat de plysje ferteld dat hy net akseptearje woe dat de relaasje oer wie. Yn augustus fan ferline jier hat de Rotterdammer de frou meardere kearen appt. Om't se net rap genôch reagearre neffens de man, hie hy har bedriigjende appkes stoerd.

Doe't de frou jûns let thús kaam, seach se ta ha skrik dat har freon yn har wenning stie. Hy hie himsels nei binnen litten en hy rjochte in pistoal op har. Letter die bliken dat it om in pistoal mei boltsjes gie, mar dat wist de frou net. Se tocht dat har lêste oere slein hie en sette it op in rinnen. De frou wie deabenaud west en tinkt derom om te ferhúzjen.

De offisier fan justysje easket twa moannen sel, mar de rjochter hâldt der rekken mei dat de Rotterdammer alles ferliest as er nei de finzenis moat. Hy hat yn Rotterdam al in famylje mei twa bern, in wenning en in baan.

De man moat him oanmelde by de reklassearring en him behannelje litte. De man mei op gjin inkele wize direkt of yndirekt kontakt sykje mei syn eks. Ek mei hy trije jier lang net mear yn Drachten komme.

(advertinsje)
(advertinsje)