Spesjale eksposysje HCL oer Fryske stedhâlder Willem Lodewijk

15 jan 2020 - 15:32

It Historisch Centrum Leeuwarden (HCL) sil de Fryske stedhâlder Willem Lodewijk earje mei in spesjale eksposysje. Fan juny oant desimber wol it HCL omtinken jaan oan bygelyks syn helderol yn de Tachtichjierrige Oarloch (1568-1648).

Foto: Omrop Fryslân

De eksposysje krijt de namme 'War Room van Stadhouder Willem Lodewijk, held uit Fryslân tijdens de Opstand'. Fjouwerhûndert jier ferlyn ferstoarn hy. It jier 2020 is dêrom troch de Stichting Nassau en Friesland útroppen ta betinkingsjier. De eksposysje is ien fan de aktiviteiten.

Wat de Tachtichjierrige Oarloch oanbelanget wurdt faak in soad skreaun oer Prins Maurits, de soan fan Willem van Oranje. De rol fan de Fryske stedhâlder hat lykwols ek grut west. Sûnder de militêre taktyk fan 'Us Heit' hiene neffens it HCL de Nederlânske opstannelingen in stik minder suksesfol west. De Fryske 'Vader des Vaderlands' hat sadwaande in grutte rol spile yn de berte fan ús lan.

350 miniatueren

Ien fan de hichtepunten fan de eksposysje wurdt in saneamd diorama fan it Beleg van Coevoerden (1592). Besikers fan it HCL krije in slachfjild te sjen mei 350 soldaatminiatueren. Dy wurde op dit stuit spesjaal mei de hân beskildere troch leden fan spultsjesferiening UCP út Ljouwert.

Trefwurden: 
HCL Willem Lodewijk Exposysje
(advertinsje)
(advertinsje)