Noed yn Eaststellingwerf oer ferkeap drank oan minderjierrigen

De riedsleden fan Eaststellingwerf binne skrokken fan de sifers oer alkoholferkeap oan jongerein ûnder de 18 jier. Sy sizze tsjin it kolleezje fan boargemaster en wethâlders dat der mear oan dien wurde moat.
© Omrop Fryslân
By in test hawwe achttjin 17-jierrigen besocht om alkohol te keapjen. Dat slagge yn fjirtjin gefallen. GrienLinks frege oan wethâlder Esther Verhagen hoe't dat kin en oft der aksje ûndernommen wurdt. De partij Ooststellingwerfs Belang woe witte oft der boetes útdield wurde. Neffens de PvdA moat yn sportkantines mear hanthavene wurde.
VVD-kommisjelid Evert van Tellingen fynt dat de âlden yn earste ynstânsje ferantwurdlik binne foar it alkoholgebrûk fan de jongerein. "Je moet niet alles aan de gemeente overlaten."
Wethâlder Verhagen sei dat in brief nei alle plakken gien is dêr't oertrêdingen fêststeld binne. Dêr moat better nei sjoen wurde. As jongeren drinke en betrape wurde, krije se in boete. Verhagen wol dy hanthavening regelje yn gearwurking mei de gemeenten Opsterlân en Weststellingwerf. Dêrby krije sûpketen ekstra omtinken. "We hebben echter geen signalen dat er veel zijn, maar het is lastig als het op particulier grondgebied is."
Moandei hat Verhagen in petear hân mei de KNVB. "Ik ben benieuwd waar de sportverenigingen zelf mee komen", seit sy.