Fytsalvestêdetocht troch Dronryp? Dat hinget noch fan 8 frijwilligers ôf

15 jan 2020 - 15:22

Ek fan it doarp Dronryp binne noch frijwilligers nedich foar de organisaasje foar de Fytsalvestêdetocht. Neffens it doarpsbelang hinget it noch fan acht minsken ôf oft de tocht wol of net troch Dronryp komt.

Alvestêdefytsers by Dronryp - Foto: Klaas Koopmans

It bestjoer fan de Fytsalvestêdetocht hat doarpsbelang frege om noch mei acht frijwilligers te kommen om de fytsers op 1 juny troch it doarp te begelieden. As der gjin frijwilligers te finen binne, betsjut it dat de tocht by Marsum ôfslacht nei Hilaard en Jellum en fia Hatsum wer op it paad nei Boalsert komt. Ferline jier gie de fytstocht ek al net oer Dronryp.

Earder waard ek bekend dat der frijwilligers yn lytse doarpkes yn de kop fan Fryslân nedich wiene. Doe gie it om Froubuorren, Alde Leie, Hallum, Marrum, Ferwert en Blije.

(advertinsje)
(advertinsje)