HEA! Houtklove 3.0 mei August
De griene Allgaier út 1952 fan syn heit stie mar wat yn it hok. En dat wie August van Schaik út Finkegea net nei it sin. Oant hy op YouTube in fideo fûn hoe't er mei in âlde heaparse houtklove koe. En dat wie krekt wat, want sa koe heit syn âlde trekker dochs noch brûkt wurde.